Brabanner wol trije kear achterinoar Iselmar oerswimme

30 aug 2015 - 12:23
  • De swimmer begjint oan syn tocht
  • De swimmer smart him yn mei fet

Milko van Gool út Noard-Brabân wol sneintemiddei besykje om yn ien stik troch trije kear de Iselmar oer te swimmen. Om fjouwer oere giet er yn Starum it wetter yn om nei Medemblik te swimmen. Dêrwei giet Van Gool werom nei Starum en dan noch in kear nei Medemblik. Neffens syn coach is de swimmer tweintich oeren ûnderweis, sûnder skoft. As it slagget, soe dat foar it earst wêze dat ien trije kear non-stop de Iselmar oerswimt.

De swimmer soe earst tongersdeitejûn al los, mar dat koe doe net trochgean omdat it waar te min wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)