Brabân warskôget foar rûpen

14 nov 2012 - 15:16

Fryslân makket gjin diel út fan de lanlike ekspertgroep om de ikeprosesjerûp te bestriden. Dat is net ferstannich fynt Henri Hairwassers fan Noard-Brabân. Dêr wie yn de jierren njoggentich in ynvaazje fan de ikeprosesjerûp. It iepenbiere libben kaam dêrtroch op in soad plakken stil te lizzen. Nei jierren fan bestriden hat Brabân de saak no ûnder kontrôle. Se ha de oare provinsjes jierrenlang warskôge foar de rûp en de gefolgen. Brabân advisearret Fryslân om it bestridingsbelied fan Brabân oer te nimmen.

Deputearre Poepjes besjocht of de provinsje in gruttere rol spylje moat yn de bestriding fan de ikeprosesjerûp. Neffens har is it in in saak fan de gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)