Braam teloarsteld yn meiwurkers

17 jun 2004 - 00:00

NoordNed-direkteur Koos Braam is teloarsteld yn syn eigen meiwurkers. Dat die woansdei bliken by in harkset fan 'e provinsje oer de besunigings op it iepenbier ferfier. Foar NoordNed komme dy del op in ôffaller fan 2,5 miljoen euro, sa ferwachtet Braam.

Braam sei woansdei wer dat dit twongen ûntslaggen as gefolch ha sil. Braam wie teloarsteld dat der net ien sjauffeur fan NoordNed op de harksit wie om te protestearjen tsjin de besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)