Braaksma: "Koart pleit oer keatswant tragysk foar keatsen"

11 maaie 2015 - 08:27

Keatssaakkundige Jan Braaksma fan Frjentsjer neamt it koart pleit fan Cornelis Terpstra tsjin de KNKB oer de keatswant in tragyske dei foar it keatsen. By de rjochtbank yn Ljouwert tsjinnet moandeitemoarn dat koart pleit. Cornelis Terpstra wol by de rjochter ôftwinge dat er syn eigen keatswant meitsje en brûke mei. Op dit stuit moatte keatswanten ferplicht kocht wurde by trije produsinten dy't in lisinsje hawwe fan it keatsbûn.

It bûn wol de regels yn 2016 oanpasse, mar dat duorret Terpstra te lang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)