Brúnfisk knapt alwer wat op

23 jan 2012 - 16:28

De brúnfisk dy't moandei oanspield is op Skiermûntseach moat trije oant seis moanne by de stichting SOS Dolfijn bliuwe. Dat sizze de fersoargers sels.

It giet nei omstannichheden goed mei it bist dat de namme Hedzer krige hat. Hy is de nacht goed trochkaam en begjint al wat te iten. Selstannich swimme kin er noch net omdat er te swak is. Fierders hat er ferwûnings oan de eagen en by de blaas. Dat komt troch it pikken fan seefûgels. De ferwachting is dat der ek noch problemen mei de longen binne.

As er wer better is , is it de bedoeling dat er weromset wurdt yn see.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)