Brêge Grou op ynstoarten

05 apr 2012 - 22:52
  • Brêge Grou

It beweechber part fan de fyts- en kuierbrêge oer de Rjochte Grou yn Grou wurdt ynkoarten troch de gemeente Boarnsterhim fuorthelle omdat it te gefaarlik is de brêge noch te betsjinjen. Ofrûne wykein wie der al in grutte steuring, want de brêge woe net mear nei ûnderen. Doe die bliken dat it beweechbere part hiel ynstabyl is en driget nei ûnderen te kommen op it momint dat de brêge omheech stiet.

It fuortheljen fan it beweechber part betsjut dat fytsers en kuierders in ein om moatte om bygelyks by it gemeentehûs te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)