Brânwachtminsken oanfallen

05 jan 2012 - 11:06

Ferskate brânwachtminsken binne âldjiersnacht belaagd troch stappers, wylst se ûnderweis wiene nei in brânmelding. Ien brânwachtman waard ûnderweis nei de kazerne op de Oude Koemarkt tsjinhâlden troch tweintich jongeren, doe't er frege oft er passeare mocht omdat er nei in brân moast.

Hy ried stadich troch it groepke hinne, mar doe waard syn autospegel stikken trape. Doe't de brânwachtman útstapte om ferhaal te heljen, gie de groep him te liif. By it fuortriden waarden der dûken yn syn auto skopt.

Troch it foarfal wie er te let by de kazerne. Meardere kollega's yn opfallende brânwachtauto's wiene ek troch deselde groep lestich fallen. De plysje ûndersiket de saak en is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)