Brânwacht yn aksje om wekken

06 feb 2012 - 12:40

De brânwacht sil moandei by Aldtsjerk wetter fernevelje om it iis fan in earder wek op de Alvestêderûte sterker te meitsjen. Dat wurdt dien op fersyk fan it rayonhaad.

De dize moat derfoar soargje dat de iislaach geandewei dikker wurdt. It wek is al krekt ticht, mar de iislaach hâldt noch net. Op oare plakken wurde netten en doeken yn wekken lein om it iis sterker te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)