Brânwacht nei Gerkeskleaster

09 apr 2012 - 10:56

De brânwacht is op peaskemoandei op 'e nij nei it kantoargebou oan de Verlaatsterwei yn Gerkeskleaster roppen, dat sneintejûn foar in part ôfbaarnde. It giet om kontrôle fan de restanten fan it pân. Wêrtroch it gebou sneintejûn foar in grut part ôfbaarnde is noch net bekend.

De brânwachtkorpsen fan Droegeham, Bûtenpost en Drachten waarden doe oproppen om it fjoer te blussen. Yn it gebou sieten ferskate bedriuwen, wêrûnder in opfang foar minsken mei in beheining. Dy hiene der ek in winkel. De krekte hichte fan de skea is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)