Brânstifters fiskkream socht

15 des 2011 - 11:47

De plysje siket de brânstifters dy't yn de nacht fan 4 op 5 novimber de fiskkream op de Sinnebuorren op De Jouwer yn brân stutsen hawwe. Tsjûgen seagen 4 manlju by de kream omstrunen. Se hawwe in doar iepenbrutsen en wat nei binnen smiten, wêrnei't de kream yn de brân fleech. De fjouwer manlju naaiden doe gau út.

In tsjûge seach in wite Seat fuortriden fan it parkearterrein achter de Midstrjitte. Der binne bewakingsbylden fan de fjouwer fertochten makke. Dy steane op Dader Gezocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)