Brânstifter fertocht fan mear

14 feb 2012 - 17:33

De man dy't fertocht wurdt fan brânstifting yn it hûs fan syn eks-freondinne yn, moat him foar de rjochter ek ferantwurdzje foar deadsbedrigings tsjin har en har freon. Sneintemoarn baarnde harren wenning oan de Ljouwerter Begoaniastrjitte út. Deselde dei waard de fertochte oanhâlden mei in trochladen pistoal yn de bûse.

De man hat it stel fanút de finzenis al jierren lestich fallen, mar mocht dit wykein op proefferlof. Omdat de man fêstsit foar drugssmokkel en net foar in saak dêr't de frou by belutsen is, makke de plysje gjin beswier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)