Brânstichting yn Ljouwert

13 feb 2012 - 09:55

De plysje hat sneintemiddei in 27-jierrige man út Ljouwert oanholden foar brânstichting. Sneontenacht wie in wenning oan de Begoaniastrjitte nei in ynbraak yn 'e brân stutsen. De wenning rekke bot skansearre.

Nei ûndersyk fan de plysje kaam de 27-jierrige Ljouwerter al gau yn byld as fertochte. Doe't de plysje him oppakte hie er in fjoerwapen by him. Dat is yn beslach naam. De fertochte is fêst setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)