Brân yn busloads Qbuzz

24 nov 2011 - 07:55
  • brân Qbuzz

By in brân yn in loads fan Qbuzz yn Easterwâlde binne tongersdei fjouwer bussen útbaarnd. It gebou mei dêryn de waskstrjitte gie ek ferlern. De brân bruts om seis oere moarns út, nei alle gedachten troch de kachel fan in bus dy't bûten de loads stie. De flammen binne dêrnei oerslein nei oare bussen dy't bûtendoar stiene. De brânwacht koe tefoaren komme dat de loads folslein útbaarnde.

Korpsen fan Easterwâlde, Appelskea, Drachten en Burgum binne ynset om de brân te bestriden. Busreizgers moatte rekken hâlde mei fertraging. Der wurde bussen út Drachten en Grins ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)