Brân yn bus mei skoalbern

22 maaie 2012 - 09:29

In bus fan Koopmans Reizen út Jobbegea is moandei yn Tsjechië yn de brân flein. Yn de bus sieten tachtich bern fan ROC Friese Poort út Snits. Alle ynstitters koene op 'e tiid út de bus komme. In frachtweinsjauffeur attindearre de bussjauffeur op de brân oan de achterkant fan de bus dêr't de motor sit. Dêrop hat de bussjauffeur de bus oan de kant set en koe elkenien feilich útstappe.

De skoalbern binne yn Tsjechië bleaun en der is ferfangend ferfier regele. De oarsaak fan de brân is noch net bekend, de bus wurdt woansdei ûndersocht.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)