Brân yn appartemintekompleks

25 des 2011 - 21:18

Yn in wenning fan in appartemintekompleks oan de Waranda yn Drachten hat op de jûn fan Earste Krystdei in útslaande brân west. Sa'n fyftich bewenners moasten harren hús út. It fjoer dat yn de keuken fan de wenning ûnstie, koe troch de brânwacht gau blust wurde. Yn de wenning ûnstie in soad reek- en wetterskea.

De measte bewenners koene nei de bluswurksumheden werom nei harren wenning. Nei de krekte oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersyk dien. Der rekke by de brân gjin ien ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)