Brân op skip boppe Skylge

03 apr 2012 - 12:23
  • Brân Ara Felixstowe
  • Brân Ara Felixstowe
  • Brân Ara Felixstowe

Op it skip Ara Felixstowe dat op de Noardsee boppe Skylge fear is tiisdeitemoarn brân útbrutsen. Neffens de Kustwacht ûntstie der brân yn de masinekeamer en waard de 9-koppige bemanning fan board helle.

It skip wurdt nei de werf Icon Yachts yn Harns brocht. Harns is akkoart mei de komst fan it skip nei de haven en ek Rykswettersteat hat tastimming jûn foar it ferfier fan it skip oer de Waadsee. Troch de brân is it skip stjoerleas rekke. De brân is yntusken út en de bemanning is wer oan board brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)