Brân by Lankhorst yn Snits

17 maaie 2012 - 12:50

By it bedriuw Lankhorst yn Snits hat tongersdeitemiddei in koarte fûle brân west. Twa trailers op it terrein mei keunststofmateriaal wiene yn de brân flein. De oplizzers stiene tusken twa loadsen yn. Der wie in soad reekûntwikkeling en der hat ek in ekploazje plakfûn. De gebouwen ha gjin skea oprûn en it wurk yn it bedriuw kin gewoan trochgean.

Lankhorst makket materialen út recycled plestik. Ut foarsoarch waard in heechwurker ynskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)