Brân Koudum: 25.000 tipjild

20 jul 2012 - 10:08

Der is in beleaning fan 25.000 euro beskikber foar it oplossen fan in gefal fan brânstifting yn Koudum yn de nacht fan snein op moandei. Yn in bedriuwshal oan de Bûtenskar bruts doe brân út, wêrby't fiif auto's ferlern giene en tolve oaren skea oprûnen. Oardel jier lyn wie der yn itselde bedriuw ek al brân.

De eigener fan de loads en de fersekering biede 25.000 euro foar dyjinge dy't mei de tip komt dy't liedt ta it oplossen fan it misdriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)