B'post: blokkade troch ûngelok

05 des 2008 - 10:41

De Lutkepost by Bûtenpost hat tongersdei twa oeren ôfsletten west foar it ferkear, fanwege in ûngelok.

Der rekke net ien ferwûne, mar de hiele dyk wie blokkeard. In man koe mei syn auto mei oanhinger net op 'e tiid remje foar stilsteande auto's foar him. Hy kaam op de oare helte fan de dyk terjochte. In frou dy't dêr ried kaam tsjin de oanhinger oan. Har auto draaide in slach yn de rûnte en rekke wer in oare auto. It hat oeren duorre foardat de dyk wer frij wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)