Boys binne it efkes kwyt

26 feb 2011 - 16:28
  • Doelpunt HHC (foto: awfoto.nl)

Harkemase Boys hat sneon foar de fjirde kear op rige net wûn. De thúswedstriid tsjin HHC Hardenberg waard op in hiele knullige wize mei 3-1 ferlern. Yn blessueretiid kaam in skot fan Kenny Kroeze fia de latte en de rêch fan keeper Jacob de Vries yn 'e goal. Koart dêrnei skoarde hy sels de 3-1.

Arjen Bergsma makke yn de 34e minút 1-0. Pas in kertier foar tiid makke Mulderij 1-1. De Boys bliuwt sânde mei 29 punten út 21 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)