Boykot rekket Fryslân hurder

15 aug 2014 - 12:48

Fryslân wurdt hurder rekke troch de Russyske boykot fan agraryske produkten as de measte oare provinsjes fan Nederlân. Dat blykt út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Dat Fryslân hurder rekke wurdt hat der mei te krijen dat de agraryske sektor hjir in grutter part fan de ekonomy foarmet, seit Peter Hein Mulligen, haad ekonoom fan it CBS.

Neffens Mulligen wurde foaral suvelbedriuwen hurd rekke. Sa'n 10 prosint fan de Nederlânske bedriuwen dy't guod oan Ruslân ferkeapet, hat lêst fan de boykot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)