Boycot feest om sintrale as

10 aug 2006 - 11:52

It doarpsfeest fan Feanwâlden sil troch in tal buertferienings boycot wurde. Sy binne it net iens mei it stânpunt fan Doarpsbelang oer de Sintrale as. Doarpsbelang stiet achter de plannen fan de provinsje om in autodyk oan te lizzen fan Dokkum nei de Wâldwei.

1500 minsken setten har hântekening foar it trasee. In lyts groepke yn it bûtengebiet is tsjin de plannen. Sy krije de dyk hast troch de tún.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)