Bowles-toernoai yn Sint Nyk

19 mrt 2004 - 00:00

Bowles is in sport yn opkomst. It is in soarte fan Jeu de Boules, mar dan wurdt it binnen spile, mei ovale ballen en mear minsken. It systeem is wol itselde: der leit ien lyts baltsje op de baan, 'The Jack', en elk moat besykje syn bal dêr sa ticht mooglik tsjinoan te rôljen.

In grut regionaal Bowles-toernoai waard freed hâlden yn Sint Nyk. Drachten hat it toernoai wûn nei in finalestriid tsjin Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)