Bowe sterkste yn Thialf op 1000 meter en yn einklassemint

13 mrt 2016 - 16:08
  • Brittany Bowe yn Thialf

De Amearikaanse Brittany Bowe hat snein op it iis fan Thialf yn 1.44.22 de 1000 meter wûn yn it finalewykein fan it wrâldbeker reedriden. Yn de twadde tiid by de froulju op de 1000 meter ea riden yn Thialf, bleau se Jorien Ter Mors krekt foar. Heather Richardson-Bergsma waard tredde, Marrit Leenstra pakte yn 1.15.38 it fjirde plakje.

Bowe pakte mei har oerwinning op de 1000 meter ek de oerwinning yn it einklassemint. Heather Richardson-Bergsma einige op 200 punten fan Bowe, Marrit Leenstra waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)