Bouwurksumheden yn de winter

28 nov 2002 - 00:00

Gemeenten en provinsjes moatte bouwurksumheden tenei yn de winter planne. Dêr ropt de CDA-steatefraksje de oerheden ta op. Op dit stuit wurdt in soad fan dat wurk yn de simmer dien. Dat betsjut dat in protte skilders en boufakkers yn de winter-ww moatte.

Dy regeling wurdt no ôfskaft mei as gefolch dat in grutte groep minsken yn de bystân telâne komt. Mar neffens de CDA-steatefraksje is dat by in goede planning fan oerheden net nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)