Bouwurken tún moatte fuorthelle

24 aug 2001 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert fynt dat de gemeente Hearrenfean terjochte in twangsom oplein hat oan in frou út Gersleat. De frou hat in stik grûn dat in agraryske bestimming hat, omboud ta in tún mei dêryn brechjes en in wynmole.

De frou stelt de tún tsjin betelling iepen foar besikers. De gemeente wol dat de frou alle bouwurken op dy grûn fuorthellet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)