Bouwrâld lijt ûnder krisis

21 nov 2008 - 13:25

De Fryske bouwrâld hat te lijen fan de kredytkrisis. Ek yn Fyrslân driigje wurknimmers fan boubedriuwen har baan te ferliezen, omdat ferskate bouprojekten ôfblaasd wurde. Dat seit Hendrik Mulder fan FNV Bouw.

Lanlik fiere wurkjouwers en de fakbûnen aksje omdat se benaud binne dat troch de kredytkrisis tsientûzenen boufakkers har wurk ferlieze sille. Se roppe it kabinet op om sa gau as mooglik mei needmaatregels te kommen, lykas wurktiidferkoarting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)