Bouwmeesters ien kear yn aksje

26 maaie 2011 - 22:37
  • Marit yn aksje (foto: Sander van der Borch, Delta Lloyd Regatta)

Marit en Roelof Bouwmeester kamen tongersdei op de Delta Lloyd Regatta by Medemblik mar ien kear yn aksje. De hurde súdwester wie spulbrekker. Marit die yn it har Laser Radial mei in twadde plak hiel goed. Nei har mindere prestaasje op woansdei klimt se no wer nei it tredde plak yn de tuskenstân. Roelof einige yn de Laser as sechsde en stiet fiifde yn it klassemint.

Finn-siler Pieter-Jan Postma kaam troch de hurde wyn net yn aksje. Hy stiet sânde yn de tuskenstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)