Bouwmeester wrâldkampioen

11 des 2011 - 07:09

Marit Bouwmeester is wrâldkampioen silen yn de Laser radial. Yn it Australyske Perth einige de sylster út Warten yn in spannende medaljerace as fjirde. Dat wie genôch om har grutte konkurrint Evi van Acker yn de einstân foar te bliuwen. De Belgise Van Acker waard tredde yn de finale tusken de bêste tsien fan it klassemint. De medaljerace waard wûn troch de Tsjechise Veronika Fenclova. Yn de einstân hat Bouwmeester 49 punten, Van Acker 53 en Paige Railey fan Amearika 71.

It grutte doel fan Marit Bouwmeester is it goud op de Olympyske Spelen fan Londen 2012. De Olympyske wedstriden wurde syld op it wetter by Weymouth. Dêr wûn Marit earder dit jier de wrâldbekerwedstriid en ek it pre-Olympysk toernoai. Boppedat waard se winner fan de wrâldbeker yn Medemblik. As de nûmer ien op de wrâldranglist en winner fan it algemien klassemint om de wrâldbeker 2011 wie de 23-jierrige sylster ien fan de grutte favoriten foar it WK fan Perth. Yn 2010 wie se twadde op it WK. Dat waard doe syld by Largs yn Skotlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)