Bouwmeester wint yn Weymouth

14 aug 2010 - 14:19
  • Marit Bouwmeester (argyffoto)

Marit Bouwmeester is winner wurden fan de Sail foar Gold 2010 yn de Laser Radial klasse. Boppedat hat de sylster út Warten de wrâldbeker yn dyselde klasse wûn. It wie foar Bouwmeester de tredde winst dit seizoen yn dy wrâldbekersearje. Nei Melbourne en Medemblik wie se no de bêste yn it Ingelske Weymouth.

Bouwmeester hie it wol dreech. Se moast yn de medaljerace goed op har konkurrinten lette, mar it fjirde plak wie genôch om Sari Multala te ferslaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)