Bouwmeester wint medaljerace

24 apr 2009 - 19:54
  • Marit yn aksje (foto: Richard Langdon)

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat freed de medaljerace yn de Laser Radial-klasse wûn by de Olympyske sylwike yn it Frânske Hyères. Omdat de Belgyske Evi van Acker twadde waard, hie Marit Bouwmeester yn de einstân ien punt te min foar it brûns. De oerwinning wie foar Anna Tunnicliffe fan Amearika.

De omstannichheden yn Frankryk wiene freed goed: wynkrêft 5, sinne en hege golven. De ôfrûne wike stie der eins te min wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)