Bouwmeester wint en klimt

24 apr 2012 - 21:01

Marit Bouwmeester hie in bêste tredde dei by it wrâldbekersilen yn Súd-Frankryk. Op it wetter by Hyères wûn de wrâldkampioene út Warten mei hurde wyn de fiifde race en waard se twadde yn de sechsde. Yn it klassemint fan de Laser radial stiet Marit no tredde mei 12 punten. De Britse Alison Young, in kear twadde en winst, is koprinner mei 6 punten. Krystal Weir fan Australië is twadde mei sân punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)