Bouwmeester twa kear tredde

25 jan 2011 - 23:35
  • Marit Bouwmeester (argyffoto)

Marit Bouwmeester hat yn Miami op de twadde dei fan it silen om de wrâldbeker yn de Laser Radial klasse twa kear in tredde plak besyld. De Belgise Evi van Acker waard beide kearen earste en bliuwt ek de liedster yn it klassemint. Marit Bouwmeester fan Warten stiet stevich op it twadde plak.

Brechtje van der Werf docht it by it matchracen gâns minder. Mei stjoerfrou Annemiek Bekkering en Annemieke Bes waard twa kear wûn en fiif kear ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)