Bouwmeester sakket op WK

13 des 2011 - 11:12

Roelof Bouwmeester belibbe in mindere twadde dei op it wrâldkampioenskip silen yn de Laser klasse. Op it wetter by it Australyske Perth waard de Wartenster yn de tredde race 15e en yn de fjirde 21e. Nei it 2e en 9e plak fan moandei stiet er no op it 30e plak yn de tuskenstân mei 48 punten. Trijefâldich wrâldkampioen Tom Slingsby giet yn syn heitelân oan de lieding mei 9 punten. De twadde Nederlanner, Rutger van Schaardenburg, winst yn race trije en 16e yn race fjouwer, stiet alfde mei 28 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)