Bouwmeester sakket nei plak 11

05 okt 2013 - 15:15

Sylster Marit Bouwmeester hat sneon op dei fjouwer fan it WK Laser Radial silen yn Sina har top 5-klassearring ferspile. Yn de Gold Fleet mei de bêste 39 dielnimmers waard de Wartenster yn de earste race teloarstellend 21e en in race letter kaam se as 24e oer de einstreek. Troch de tsjinfallende prestaasje sakket Bouwmeester fan it fyfde nei it alfde plak. Mei noch twa dagen te gean sil Bouwmeester nei eigen sizzen besykje 'de skea noch wat te beheinen'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)