Bouwmeester no fjirde yn WB

23 apr 2012 - 20:43

Marit Bouwmeester is op de twadde dei yn Hyères ien plakje klommen. Yn de twa wedstriden fan moandei waard de regearend wrâldkampioene yn de Laser radial fjirde en tredde. Yn de stân fan dizze wrâldbekerwedstriid is de Wartenster no fjirde. Marit is noch net hielendal tefreden: "Ik syl goed, mar de gong sit der noch net optimaal yn." De Britse Alison Young, al trije kear earste, hat de lieding, foar de Austalise Krystal Weir en Evi van Acker fan België. Mar de ferskillen nei twa dagen binne lyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)