Bouwmeester no fiifde op WK

03 okt 2013 - 22:06

Marit Bouwmeester hat in sprong makke yn it klassemint op it WK yn Sina. De Fryske sylster yn de Laser Radial helle tongersdei in Rizhao yn de fiifde kwalifikaasjewedstryd it tsiende plak en de sechsde race hat se wûn.

Troch dizze resultaten stiet Bouwmeester no op it fiifde plak mei 26 punten. Paige Railey fan Amearika is de liedster mei 14 punten. De nûmers twa, trije en fjouwer ha 22 en 25 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)