Bouwmeester nimt de lieding

03 apr 2012 - 17:16

Marit Bouwmeester hat op de twadde dei fan de striid om de Sofia Cup op de Middellânske See by Mallorca de lieding nommen. Yn har Laser Radial besylde de Wartenster in tredde en in earste plak. Se hat no sechstjin punten, likefolle as de Spaanse Alicia Cebrian. Roelof Bouwmeester hat it dreech. Hy waard yn de Laser 34e en 11e, goed foar it 55e plak. Pieter-Jan Postma sakke yn de Finn troch in 17e en 28e plak nei de 15e posysje yn it klassemint. Dizze wrâldbekerwedstriid einiget op sneon mei de medaljerace.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)