Bouwmeester by lêste tsien

01 apr 2010 - 20:09
  • Marit Bouwmeester (argyffoto)

Marit Bouwmeester giet as fjirde de medaljerace yn fan de WB-wedstriden op Mallorca. Se waard yn race seis sechsde en yn race sân santjinde. Har puntetotaal is no 56. Yn de finale stride de bêste tsien fan de Laser Radial klasse tsjininoar en telle de punten dûbel. Omheech kin de sylster út Warten net mear. By in minne medaljerace kin se wol sakje.

Roelof Bouwmeester klom op de lêste dei nei it 20ste plak yn de Laser. Net genôch foar de medaljerace.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)