Bouwmeester hat kâns op WK

17 sep 2014 - 20:30
  • Marit Bouwmeester yn aksje

Marit Bouwmeester begjint tongersdei as klassemintsliedster oan de medaljerace op it WK yn Santander yn Spanje. Yn har Laser Radial kaam de Wartenster ek woansdei mar ien kear yn aksje. Yn dy sânde race helle Bouwmeester har minste resultaat oant no ta: tolfde. In de finale dogge de bêste tsien fan it klassemint mei en telle de punten dûbel. Marrit hat no 27 punten. De Tsjechise Veronika Fenclova en de Sweedse Josefin Olsson ha beide 37 punten. Evi van Acker fan België hat 40 punten. It is in frjemd WK mei òf gjin òf tefolle wyn.

Pieter-Jan Postma kaam yn de Finn trije kear yn aksje mei in 9e, in 18e plak en in diskwalifikaasje as resultaat. Postma sakke sadwaande nei it 26e plak yn it klassemint. Dochs is der noch fan alles mooglik. De Finn klasse kaam noch mar fjouwer kear yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)