Bouwmeester hâldt de lieding yn wrâldbeker Abu Dhabi

30 okt 2015 - 12:26
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten bliuwt goed prestearjen yn de finale fan it wrâldbekerseizoen yn Abu Dhabi. Se wûn freed de tredde race en finishte as achtste yn de fjirde heat. Dêrmei stiet se noch hieltyd oan de lieding yn it klassemint, mei trije punten ferskil op de nûmer twa: Josefin Olsson út Sweden.

Bouwmeester sjocht it sylevenemint yn de Feriene Arabyske Emiraten as in goeie tarieding op it WK dat ein novimber hâlden wurdt by Al-Mussanah.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)