Bouwmeester grypt neist goud

25 maaie 2013 - 13:34
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester hat sneon it sulver pakt by de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. Yn de beslissende medaljerace yn de Laser Radial klasse einige de Wartenster as twadde, efter de Ierse Annalise Murphy dy't de winst pakte. Dêrtroch kaam Bouwmeester op in puntetotaal fan 4 punten, op likense hichte mei Murphy dy't ek op 4 punten útkaam.

De útslach fan de medaljerace wie lykwols beslissend foar it oanwizen fan de winner. Om't Murphy dêr de bêste wie, gong de winst nei de Ierse. It brûns wie foar de Ingelse Alison Young.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)