Bouwmeester en Postma op medaljekoers by Copa Brasil

20 des 2014 - 11:16
  • Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester hat har by de Copa Brasil yn Brazilië rjochting it poadium fan de Laser Radial wurke. Bouwmeester begjint sneon as tredde oan de medaljerace. Josefin Olsson fan Sweden hat 37 punten, de Belgise Evi van Acker hat 38 en Marit Bouwmeester 41 punten. Yn de finale komme de bêste tsien yn aksje en telle de punten dûbel.

Pieter-Jan Postma begjint yn de Finn as twadde oan de medaljerace. It goud sit der net mear yn. De Brit Giles Scott is al wis fan de einoerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)