Bouwmeester en Postma as nûmer ien nei medaljerace

29 maaie 2015 - 19:03
  • Marit yn aksje
  • Pieter-Jan Postma yn aksje

Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma begjinne sneon as lieder oan de medaljerace fan de Delta Lloyd Regatta, mar de konkurrinsje leit op 'e loer. Bouwmeester waard freed twa kear twadde yn har Laser Radial. Se hat no 10 punten. De Ierse Annalise Murphy hat 12 punten, de Belgise Evi van Acker 23.

Pieter-Jan Postma wûn de sânde race en waard fjirde yn race acht. De Finn siler hat no 13 punten, de Australiër Jake Lilley 19 en Josh Junior fan Nij-Seelân 26. Yn de medaljerace sile de bêste tsien fan in klasse en telle de punten dûbel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)