Bouwmeester bliuwt twadde yn klassemint WK Laser Radial

21 nov 2015 - 19:24
  • Marit yn aksje

Sylster Marit Bouwmeester stiet ek nei de twadde dei fan it wrâldkampioenskip Laser Radial twadde yn it klassemint. De sylster fan Warten waard sneon yn de twa deiraces sechsde en fjirde. De Deenske Anne-Marie Rindom stiet earste yn it klassemint.

It wrâldkampioenskip Laser Radial yn Mussanah (Oman) duorret noch oant en mei 26 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)