Bouwmeester al wis fan winst

04 apr 2014 - 20:26
  • Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester is foar de medaljerace al wis fan de winst by it wrâldbekersilen op Mallorca. De Laser Radial sylster út Warten waard freed twa kear twadde en in kear sânde. Nei tsien races hat Bouwmeester no 22 punten. De Finse Tuula Tenkanen is twadde mei 48 punten, de Belgise Evi van Acker tredde mei 62 punten. Sneon is de medaljerace mei de bêste tsien fan it klassemint en telle de punten dûbel. It is dúdlik dat Marit Bouwmeester net mear yn te heljen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)