Bouwmeester diskwalifisearre

07 okt 2013 - 15:25

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is moandei as 16e einige by it wrâldkampioenskip silen yn de Olympyske Laser Radialklasse. Op it wetter fan it Sineeske plak Rizhao waard Bouwmeester yn de lêste twa races diskwalifisearre. Se sakke dêrtroch sân plakken yn de algemiene rangskikking. Bouwmeester krige twa kear de giele flagge fanwege pompen fan seil, roer of boat.

Yn in earste reaksje seit de teloarstelde Marit Bouwmeester dat se har goed taret hie op it WK, mar dat de syktocht nei in nije koach har mooglik parten spile hat.

Nei de Olympyske Spelen moast se fierder troch sûnder Mark Littlejohn. Har nije trainer is no de Australiër Arthur Brett. Tina Mihelic út Kroäsië waard wrâldkampioen yn Sina.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)