Bouwer jout bouplak net frij

10 sep 2014 - 15:34
  • "Boukonflikt Lawei kin finansjele strop wurde foar gemeente Smellingerlân"
  • Bouterrein De Lawei
  • Bouterrein De Lawei

It kin wol wiken duorje foardat in nije oannimmer begjinne kin mei it ôfbouwen fan De Lawei yn Drachten. De skouboarch hat tiisdei it kontrakt opsein mei bougroep Van Norel dy't it teater ferbout. Van Norel lit witte dat it bouplak de kommende wiken net frijjûn wurdt. Oannimmers helje har materiaal op, dat is foarearst net mear nedich.

By De Lawei ha har sa'n tsien oannimmers meld om de ferbou fan de skouboarch op te pakken. Mei in spesjale proseduere wurdt besocht it slot fan de stekken ôf te krijen, sadat in nije bouwer gau fierder kin.

De ferbouwing fan De Lawei kostet 19 miljoen. De skea fan de kontraktbreuk rint yn de miljoenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)