Bouterrein wer bestellen

02 maaie 2012 - 09:58

Fan in bouterrein oan de Cyclamenstrjitte op It Hearrenfean is de ôfrûne dagen boumateriaal stellen. It giet om ûnder oare krêftstroomkabels en ljedders. It is net de earste kear dat guod stellen is fan dat terrein. Earder dit jier hawwe dieven ek al dakbedekking, ljedders en stroomkabels meinaam.

Ferskate bedriuwen binne op it terrein oan de gong mei de renovaasje fan in gebou. De plysje freget minsken dy't de ôfrûne dagen wat fertochts sjoen hawwe, oft se dat melde wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)