'Boustop is ramp foar Skylge'

08 sep 2010 - 17:15

De boustop foar it bûtengebiet is in ramp foar Skylge en de ekonomy. Dat seit wethâlder Spanjer fan Skylge. De gemeente kin gjin boufergunning foar it bûtengebiet ferliene no't de Raad van State dat ferbiedt. Inkeld lytse projekten sûnder fergunning soene noch wol kinne.

Spanjer tinkt dat de problematyk op de oare eilannen krekt sa is. Hy wol dêrom prate mei minsken op de oare eilannen. Hy hopet ta in oplossing te kommen mei de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)